Piter Wilkens - It paad werom video free download


293,670
Duration: 05:44
Uploaded: 2010/01/25

Piter Wilkens mei it nummer "It paad werom"

Tekst:

Do stiest my noch sa by, doarpke út myn tiid

Der is sa`n soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiet

En wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt

Der is altyd dy sin dy`t my oan dy bynt

Ea woe`k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear

Mar ik bliuw no faker thús, tinkend oan alear

Yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil

It makket neat mear út wêr`t ik hinne sil

(Kearsang:)

Ik reizgje op en del, de ierde oer

Altyd ûnderweis nei it aventoer

De eachein wol`k foarby, mar wêr`t ik ek kom

De ein fan elke reis is it paad werom

Ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft

Ik learde hjir it riden op de Slotsgrêft

Ik kriich myn earste tút yn `Under `e Sjuut`

Myn ferhaal mei dy, myn doarp, is nog lang net út

Ik boartsje frij yn`t fjild by de grutte feart

Ik strún wer fan it Aldlân nei de Sylsleat

Ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk

Myn flot is wer in boat, it reid myn ryk

(Kearsang)

De ein fan elke reis is it paad werom

Ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie

Mar seach dêr net de terp wêr`t myn widze stie

Ik besocht de grutste stêden fan de wrâld

Mar fûn dêr net it doarp dêr`t ik fan hâld

Ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer

En wit al myn gereis, ea is it oer

Lis my dan yn dyn grûn as ik safier kom

Nei myn âlderlêste reis: it paad werom

Want de ein fan elke reis is it paad werom

De ein fan elke reis is it paad werom

De ein fan elke reis is it paad werom...

©Piter Wilkens

Mei dank oan Songtkesten.net foar de tekst (:

Comments

9 years ago

initium71

Ien fan de moaiste nummerkes fan Piter!!!

9 years ago

Ate Hesselius

Fryslan boppe ♡

9 years ago

SisterswithStyle

Moai nummer!! 

9 years ago

-NL pyro NL-

in prachtig ferske!!

10 years ago

Sydebern

Prachtig hoe ferbûn wy Friezen ús fjille! En Friezen om útens, kom werom!

10 years ago

Waterlander J

as fries om útens ferjit ik nea wer ik berne bin.

11 years ago

gerrie van der heide

Marcos altijd goed plaatje

11 years ago

patron del mal

ik mis friesland, ben net verhuist! het friese bloed zit niet in mij maar wel in mijn hart FRYSLAN BOPPE

11 years ago

crapparc

Helaas is Omrop Fryslân het daar nooit mee eens.

11 years ago

mythologiefan

Geweldig Lied.

11 years ago

schorpi20en

Moai nummer!

12 years ago

39margriet

het beste nummer van de fryske geskiednis ooit !

12 years ago

Berg Terblijt

Verschrikkelijk goed nummer, één van de weinige echt goede Friestalige nummers die er zijn.

12 years ago

chris maas

Puur genot, helemaal als je verdwaasde medestudenten ziet omkijken zodra ze deze muziek horen haha

12 years ago

chinook kitty

Voor de Nederlandstalige medemensen hier de vertaling: (het is een vrije vertaling, want letterlijk vertalen dan wordt het een onsamenhangend verhaal) Ik ben je nooit vergeten, dorpje uit mijn tijd Er is een hoop verdwenen maar toch blijf jij zo zoet En wat er niet gelijk met mijn jeugd verdwijnt Jij bent er altijd en ik ben aan je gebonden.

12 years ago

chinook kitty

Ooit wou ik hier zo graag vandaan met het snel verkeer Maar ik blijf nu vaker thuis denkend aan weleer In jou zit nog beweging en ik sta bijna stil Het maakt niet meer uit waar ik naartoe wil. (Refrein) Ik reis op en neer de wereld over altijd onderweg naar het avontuur de horizon wil ik voorbij maar waar ik ook kom Het eind van elke reis is de weg terug

12 years ago

chinook kitty

Ik leerde hier het kaatsen, dat een feit Ik leerde hier het schaatsen op de slotgracht Ik kreeg mijn eerste zoen in "Onder de Sjuut" Mijn verhaar met jou, mijn dorp, is nog lang niet uit Ik speel vrij in het veld bij de grote vaart Ik loop weer van het Aldlan naar de Sylsloot. Ik zie mijn oude hut achter de fabriek Mijn vlot is weer een boot, ik waan me rijk. (refrein) Het eind van elke reis is de weg terug

12 years ago

chinook kitty

Ik liep over hoge bergen in hemels sneeuw Maar zag daar niet de terp waar mijn wieg stond Ik bezocht de grootste steden van de wereld Maar vond daar niet het dorp waar ik van hou. Ik slenter maar wat rond om je kerktoren En weet al mijn gereis, ooit is het over Leg mij dan in je grond als het zover is Naar mijn allerlaatste reis: de weg terug Want het eind van elke reis is de weg terug het eind van elke reis is de weg terug het eind van elke reis is de weg terug..............

12 years ago

Foxata16

Ik hâld fan dizze lied ik kin hjer wol de hiele dai naar luisteren. Myn beppe ik hâld fan dy. Bist yn goede oma foar me west. Ik kin net sa goed frys maar ot ik naar dizze lied luister dan bin ik hielendal weer bliid. Reast in vrede myn Beppe.

12 years ago

rimmervoorajax

dit jier is us grutte freon Niels Minkes ferstoan, op syn begrafenis waar dit prachtige feske spiele as haatfeske, dit feske hat in hiele speciale betekenis kriegen op dat moment, en elke kear dat ik dit feske hjer krij ik kiepevel. piter, tiige tank foar dit prachtige nummer, Niels wie hjoed jirdei west, en wie tinke allegjerre oan him. Reast ien vrede Niels.

Related Videos